Berne Iepenloftspul Peter Pan 2010
It is Kaptein Heak noch altyd net slagge om Peter Pan finzen te nimmen en de Geheime Skat fan him ôf te pakken. Troch Wendy te ûntfieren ú de echte wrâld en te brûken as lokies besiket Heak yn dit Berneiepenloftspul fan 2010 Peter Pan in yn hannen te krijen. Wendy fiert ûndertusken har eigen striid. Kin se noch dreame en boartsje sa as bêrn yn Sabearië? Af moat se hast al folwoeksen wêze en de gefolgen fan krisis en krapte op har eigen manier oanpakke? Leauwe in Peter pan en Tinkerbel as fertrouwe op Kaptein Heak?
Lit jim dit jier meifiere nei Sabearië, in wrâld dêr't je jong bliuwe. Dêr 't krokodillen en oktopussen prate kinne, alven rûn fleane en dreamen wurklikheid wurde!
En tink derom: by de twadde stjer fan de râne of besjoen rjochts en dan rjochttroch nei moarn!
Jun 11, 2010
Photos: 100